Gjin ekstra feilichheidsmaatregels by Lodenhelrun

30 jun 2017 - 15:23

De organisaasje fan de Lodenhelrun yn Feanwâldsterwâl nimt gjin ekstra maatregels nei it deadlik ûngelok by in survival yn Venlo earder dizze moanne. Dêrby kaam in frou om it libben. Neffens Riek Everts is de feilichheid fan de survival-dielnimmer altyd de heechste prioriteit en wurdt der nei it ferstjerren fan de frou net stranger sjoen nei de ferskate ûnderdielen.

Hûnderten dielnimmers en frijwilligers

Der dogge dit wykein 900 dielnimmers mei oan de tsiende edysje fan de Lodenhelrun. Hûnderten frijwilligers meitsje de survival mooglik. Dielname oan de run is populêr, binnen 24 oeren wie it maksimum tal ynskriuwingen al berikt.

De Lodenhelrun begjint freedtejûn foar de 450 junioaren. Start en finish binne by it brechje oer de Dûke Lûk yn Feanwâldsterwâl. Sneon starte dan nochris 450 senioaren. It parkoers is sa'n 7,5 kilometer lang.

(Advertinsje)
(Advertinsje)