Noardlike gearwurking om wetterstof

30 jun 2017 - 14:34

Om it riden op wetterstof goed fan de grûn te krijen, wurkje trije bedriuwen yn Noard-Nederlân gear. It giet ûnder oare om Holthausen Groep yn Hoogezand. Dat bout twa wetterstoftankstasjons yn Fryslân, ien yn Ljouwert en ien op It Hearrenfean. De krekte lokaasjes binne noch net bekend omdat de fergunnings noch net rûn binne.

By Zuidwending yn Grinslân komt in grutte ynstallaasje dêr't stroom omset wurdt yn wetterstof. De inisjatyfnimmers tinke dat oerheden en grutte bedriuwen earder oerstappe op wetterstofauto's as der mear lokaasjes binne dêr't se tanke kinne. It is de bedoeling dat der kommende jierren mear wetterstoftankstasjons bykomme. De aksjeradius fan in wetterstofauto is sa'n 800 kilometer.

(advertinsje)
(advertinsje)