Wurkstraf foar smiten fjoerwurkbom Cambuur

30 jun 2017 - 14:30

De man út Ljouwert dy't ferline jier yn it Cambuurstadion yn Ljouwert in fjoerwurkbom op it fjild smiet hat in wurkstraf fan 240 oeren krigen en in finzenisstraf ûnder betingst. In steward fan Cambuur rekke slim ferwûne oan har skonk, doe't se it fjoerwurk útmeitsje woe. Dat ûntplofte doe. De man út Ljouwert moat har ek 5000 euro skeafergoeding betelje. De rjochtbank hat yn it foadiel fan de man meiwage litten dat er der bot spyt fan hat en dat er him ek sels by de plysje melden hat.

Trefwurden: 
SC Cambuur fjoerwurk justysje
(Advertinsje)
(Advertinsje)