"Se mutte har doad skame, dy vuile graaiers!"

30 jun 2017 - 14:26

Moat Nederlân syn strange bonusregels foar banken ferromje? As dy regels oanpast wurde, soe Amsterdam ynteressant wêze as fêstigingsplak foar ynternasjonale banken. Guon dêrfan sykje fanwege de Brexit alternativen foar harren fêstigingen yn London. De Ljouwerter freedsmerk wie freed bot ferdield: "Se mutte har doad skame, dy vuile graaiers!', mar ek: "Vanwege de concurrentie kun je niet anders. Als je vasthoudt aan de stenge regels win je misschien moreel, maar verdien je niks." "Natuurlijk zijn het graaiers, maar als ze voor werkgelegenheid zorgen, mogen ze van mij graaien!" Mar it meast útsprutsen wiene dochs wol de tsjinstanners: "As se no noch net genôch fertsjinje soe'k sizze: bliuw der mar!

Trefwurden: 
freedsmerk bonus banken
(advertinsje)
(advertinsje)