Provinsje tenei ek fia WhatsApp berikber

30 jun 2017 - 14:06
Foto: Omrop Fryslân

De provinsje Fryslân is tenei ek fia WhatsApp berikber. As earste provinsje fan Nederlân wol de provinsje fragen fanút de mienskip fia de app beäntwurdzje. It giet yn earste ynstânsje om in proef fan in healjier. As der genôch gebrûk fan makke wurdt, bliuwt de app-fraachbak bestean. De app is benammen geskikt foar it stellen fan koarte fragen of in melding dêr't fluch antwurd op komme moat. Bygelyks oer brêgetiden of in rûnlieding op it provinsjehûs. WhatsAppe mei de provinsje kin fia 06-10268831 tusken 8:30 en 17:00 oere.

Trefwurden: 
WhatsApp provinsje Fryslân
(Advertinsje)
(Advertinsje)