Noed oer parkearplakken foar beheinden Bûtenpost

30 jun 2017 - 13:50
De stasjonsbrêge - Foto: De Vries Media

De FNP yn de gemeente Achtkarspelen hat noed oer de parkearplakken foar beheinde minsken by it stasjon yn Bûtenpost. De spoarbrêge by it stasjon is net tagonklik foar minsken yn in rolstoel of mei in rollator, om't der gjin lift oanwêzich is.

Doe't de brêge foarsteld waard is der neffens de FNP tasein dat der oan de kant fan it stasjon mear parkearplakken foar beheinden komme soene. Mar der hat koartlyn sels in perioade west wêryn't hielendal gjin parkearplak foar beheinden wie. De brêge is no in skoft realisearre, mar neffens de FNP binne de taseine parkearplakken der noch hieltyd net.

Trefwurden: 
Bûtenpost Achtkarspelen
(Advertinsje)
(Advertinsje)