Hûndert prosint skoares op Fryske skoallen

30 jun 2017 - 13:00
De flagge hinget út, alle learlingen binne slagge op it Piter Jelles Impulse Kollum - Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Alle learlingen fan it Piter Jelles !mpulse yn Kollum binne slagge foar harren eineksamen. It giet dan om de learlingen fan it VMBO-T, de HAVO en it VWO. Allinnich by de HAVO wie noch in hereksamen nedich om op de 100% skoare te kommen. It is alwer foar de tredde kear op rige dat alle learlingen fan de Kollumer skoalle slagje foar harren eineksamen. It gemiddelde fan de skoalle lei dit jier in heale punt heger as de lanlike noarm.

De skoalle is fansels tige grutsk op de prestaasje fan de learlingen: "Een geweldige prestatie van uiteraard de leerling zelf, die naast de opgedane kennis in al die jaren ook volop zijn geleerde vaardigheden in kon zetten om met fantastische cijfers te mogen slagen."

Ek yn Harns wie der freed feest. Op de Maritieme Academie binne foar it fjirde jier op rige alle learlingen slagge. Ek hjir wiene hereksamens nedich om op de folsleine 100 prosint skoare te kommen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)