''Nije Ynjemonumint befeiligje mei festivals yn 'e stêd"

30 jun 2017 - 12:42

De organisaasje fan de Stichting Indië-Monument Friesland hat de gemeente Ljouwert frege om it nije Ynjemonumint yn it Rengerspark by festivals yn de stêd te befeiligjen. Dat seit Gerard van Klaveren, foarsitter fan de stichting, freed by de ûntbleating fan it nije stânbyld fan 'De Wachter'. It byld fan de jonge soldaat by it Ynjemonumint yn it Rengerspark yn Ljouwert waard yn de nacht fan 12 op 13 augustus ferline jier omsmiten en fernield.

Buertbewenners hearden it, mar de dieders binne nea pakt. Yn itselde wykein waard yn Ljouwert ek it muzykfestival Into the Grave organisearre. De kemping dêr't de besikers de nacht trochbrochten wie ek yn it Rengerspark. Mar in link tusken it festival en de fernieling, woe Van Klaveren net lizze. It betonnen stânbyld fan in militêr wie lykwols net mear te rêden. Fan de noas en de pet wie al hielendal neat oer. Brûnsjitter Joep van der Kleij hat it byld getten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)