Cambuur oefenet tsjin Sparta yn Frjentsjer

30 jun 2017 - 12:28
Foto: Dijks Fotografie

Sportklup Cambuur spilet dit jier opnij in oefenpot yn Frjentsjer. Op freed 21 july is Sparta Rotterdam de tsjinstanner. De gasten út Rotterdam binne foar harren tarieding op it nije seizoen yn Fryslân foar in trainingskamp. Yn oanrin nei de wedstriid sil de Rotterdamse ploech fan Alex Pastoor in keatsclinic krije yn de keatshaadstêd fan Nederlân. Ferline jier waard ek yn Frjentsjer spile, doe tsjin Telstar. De kondysje fan it fjild en it entûsjasme fan de fans hawwe derfoar soarge dat de Ljouwerters opnij nei Frjentsjer komme foar in wedstriid.

(Advertinsje)
(Advertinsje)