''Lit Rykswettersteat problemen feardaam Amelân gau oplosse"

© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
It Amelân is benaud foar fersteuring fan de iepenbiere oarder, as problemen mei de feardaam op it eilân net gau oplost wurde. Boargemasters en wethâlders hawwe in brief oan Rykswettersteat skreaun oer de problemen mei de feardaam. Der binne nochal wat steuringen, benammen mei de autobrêge. Dat soarget foar oerlêst, skriuwe b. en w.
Neffens It Amelân seit Ryskwettersteat wol dat in oplossing prioriteit hat, mar dat der ek dizze wike wer meardere steuringen west hawwe. No't it heechseizoen foar de doar stiet, wurde der noch mear besikers ferwachte en dus ek mear oerlêst. It Amelân freget mei klam om de problemen foar 15 july te ferhelpen.