FIDEO: werom nei de sechstiger jierren yn Jonkerslân

30 jun 2017 - 10:53

Jonkerslân stiet dit jier mei it iepenloftspul Hea of Hout stil by it 90-jierrich bestean fan de pleatslike toanielferiening It Freonental en de ferhuzing fan it doarpshûs nei de eardere basisskoalle. Hjoed is de premjêre fan it iepenloftspul 'Hea of hout'.

It stik dat him ôfspilet yn de roerige sechstiger jierren is skreaun troch de twillingbruorren Jan en Lomme Schokker. It spul wurdt dit jier efter it doarpshûs, oan de Fûgelsang yn Jonkerslân spile. It is de simmer fan 1964. Skoaljuffer Marije is mei de skoalbern bûten. De oare dei sil Marije har feint Hessel thúskomme. Hy hat de tsjinsttiid yn Dútslân der op sitten en sil no in kar meitsje moatte tusken ‘Hea of Hout'. Syn heit helpe yn it timmerbedriuw of op de pleats fan Marije har âlden.

Omrop Fryslân jout dit seizoen ekstra omtinken oan alle iepenloftspullen yn Fryslân. Sjoch foar mear ynformaasje op de spesjale iepenloftspulside. Op dy pagina binne ek eksklusive filmkes te finen oer it stik, de lokaasje en fansels de hûnderten frijwilligers yn alle doarpen, dy’t spikerhurd wurkje om de moaiste stikken op de planken te bringen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)