Museumjierkaart? Dan no fergees nei modelspoarmuseum Snits

Minsken kinne fan sneon ôf mei in museumkaart fergees it modelspoarmuseum yn Snits yn. It museum tinkt dêrmei mear besikers lûke te kinnen. It hopet boppe de 20.000 besikers yn it jier útkomme te kinnen. Ferline jier hie it museum goed 17.000 besikers. Yn Fryslân is it modelspoarmuseum it 31ste museum dêr't besikers mei in museumkaart terjochte kinne.