Hartman Seisbierrum komt yn hannen fan The Fruit Farm

30 jun 2017 - 10:29

Kwekerij The Fruit Farm tinkt sa'n 150 oant 200 nije banen kreëarje te kinnen no't se grienteler Hartman yn Seisbierrum oernimme. De 71-jierrige Hartman fynt it no tiid om syn bedriuw mei 180 man personiel oer te dragen. The Fruit Farm is ien fan de grutste kwekers fan griente en fruit yn Europa. Doel is om de produksje út te wreidzjen fan 72 nei 110 bunder.

Mei de oername wol The Fruit Farm de biologyske takke fersterkje. Ein dit jier wurdt begûn mei de bou fan in geotermyske sintrale, mei stipe fan Fûns Skjinne Fryske Enerzjy. Dêrmei kinne de kassen dan ferwaarme wurde. The Fruit Farm brûkt grûn fan it projekt Waddenglas foar útwreiding fan de produksje. It stribjen is in hegere produksje op lytser oerflak en om enerzjyneutraler te wurkjen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)