Kolonel Arnoud Stallman nije kommandant fleanbasis

30 jun 2017 - 10:19
Fleantugen op de basis yn Ljouwert - Foto: ANP

Kolonel Arnoud Stallman wurdt de nije kommandant fan de fleanbasis Ljouwert. Stallman wie earder al aktyf op Ljouwert. Hy hie de lieding oer it 323-squadron. Op it stuit wurket Stallman op it Ministearje fan Definsje yn Den Haach. Yn oktober nimt hy it stokje oer fan Denny Traas. Dy makke tongersdei bekend dat hy fuortendaliks fuortgiet. Traas wurdt de nije baas fan de Definsje Materieel Organisaasje. Syn taken wurde yn de tuskentiid oernaam troch de twadde man fan de fleanbasis Ronald van der Jagt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)