Manlju út Den Haach oanhâlden foar drugslab

30 jun 2017 - 10:03

De plysje hat twa manlju út Den Haach oanhâlden foar it meitsjen fan drugs yn in loads yn Berltsum. De manlju binne 34 en 39 jier âld. Om likernôch kertier foar njoggenen op tongersdeitejûn krige de plysje in melding dat der meardere minsken by de loads oan de Wiersterdyk yn it doarp wiene. De melder fertroude de situaasje net, ek om't der op dizze lokaasje al ris faker drugs makke binne. Koart nei't de melding dien wie, seach de tsjûge dat twa minsken troch de greiden besochten út te naaien. Trochdat de lokaasjes goed trochjûn wiene koe ien fan de manlju oanhâlden wurde op de Moddergatsreed. De oare man waard yn it reid efter de loads fûn. Beide fertochten binne oanhâlden.

By de loads rûkten de aginten in gemyske lucht. De spesjalisten fan de Landelijke Faciliteit Ontmanteling (LFO) binne dêrop oproppen om te helpen. Dizze tsjinst wurdt faak ynset om drugslaboratoria op te romjen. By ûndersyk yn de loads die bliken dat der meardere stoffen oanwêzich wiene dy't brûkt wurde kinne foar it meitsjen fan harddrugs.

(Advertinsje)
(Advertinsje)