Grut drugslab oantroffen yn Berltsum

30 jun 2017 - 09:06

Yn Berltsum is yn de nacht fan tongersdei op freed in grut drugslaboratorium oprôle. It lab waard oantroffen yn in loads oan de Wiersterdyk yn it doarp. De plysje wie manmachtich oanwêzich om ûndersyk te dwaan. Neffens tsjûgen soe it net gean om himpplanten of xtc. It is net dúdlik hokker drugs der wol oantroffen binne. De forensyske resjerzje docht ûndersyk. Ek boargemaster Van Mourik hat yn de nachtelike oeren by de loads west te sjen. Ferskate minsken binne oanhâlden.

Trefwurden: 
Berltsum drugs plysje
(Advertinsje)
(Advertinsje)