FIDEO: It iepenloftspul fan De Houtigehage set útein

30 jun 2017 - 09:03

Yn it ramt fan it kultuerhistoarysk jier ‘Roerige tiden yn Smellingerlân’ fiert De Houtigehage it iepenloftspul ‘De Omkearde Staking’ op. Yn it stik stiet it ferhaal sintraal oer arbeiders út it doarp dy’t, wylst it foar harren ferbean wie, begûnen mei it ûntginnen fan de Parkwyk. Hjoed is de premjêre fan it iepenloftspul 'De Omkearde Staking'.

Begjin fyftiger jierren wie der grutte wurkleazens yn De Houtigehage: it persintaazje lei fier boppe it gemiddelde yn Nederlân. De earmoede wie grut: wurkleaze jonge mannen sieten sûnder útkearing thús. Dochs wie der genôch wurk, der wie in efterstân yn de útfiering fan iepenbiere wurken en de werûntginning fan in oantal diken wachte al jierren op útfiering. Der waard in unike aksje op tou set en in oantal wurkleazen gie út protest oan it wurk, dit ta grutte ferbjustering fan de autoriteiten: in omkearde staking. De Parkwyk, in ûnbegeanbere dyk as it reinde, waard ûntgind.

Omrop Fryslân jout dit seizoen ekstra omtinken oan alle iepenloftspullen yn Fryslân. Sjoch foar mear ynformaasje op de spesjale iepenloftspulside. Op dy pagina binne ek eksklusive filmkes te finen oer it stik, de lokaasje en fansels de hûnderten frijwilligers yn alle doarpen, dy’t spikerhurd wurkje om de moaiste stikken op de planken te bringen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)