Ried Dongeradiel behâldt betrouwen yn wethâlder De Graaf

De mearderheid fan de ried fan Dongeradiel hat it folste betrouwen yn FNP-wethâlder Pytsje de Graaf. De Graaf waard tongersdeitejûn yn in ynterpellaasjedebat kritysk ûnderfrege troch riedslid Jouke Douwe de Vries fan Dongeradiel Sosjaal. De Vries fynt dat De Graaf de ried net goed ynformearre hat oer it WMO-ferfier yn Noardeast-Fryslân. De Vries is ek benaud dat de mislearre oanbesteging, dy't nei in rjochterlike útspraak oerdien wurde moat, de gemeente in soad jild kostje sil.
De mearderheid yn de gemeenteried hie tongersdei folle mear wurdearring foar de striidbere antwurden fan De Graaf as foar de ûnderfreging troch De Vries. Neffens FNP, PvdA en Algemien Belang Dongeradiel soe De Vries yn syn krityk 'te bot op de frou spylje'. Algemien Belang Dongeradiel fynt sels dat De Vries 'him skamje moat' foar syn 'persoanlike oanfal' op de wethâlder.
Oanbesteging soarchfâldich oer
Pytsje de Graaf ûnderstreke dat de oanbesteging fan it WMO-ferfier yn Noardeast-Fryslân 'ekstra soarchfâldich' oerdien wurde sil. Alle belutsen partijen, ek taksybedriuw Waaksma, kinne dan wer gewoan gading meitsje. It WMO-ferfier en it learlingeferfier giet yn tuskentiid troch. Dêrfoar binne de kontrakten mei de bedriuwen dy't dit oant no ta fersoargen ferlingd. Krekt omdat der wer in nije oanbesteging oankomt wie De Graaf 'tige wiis' mei de stipe dy't se tongersdei krige fan de mearderheid fan de ried.

De ynterpellaasje ferrûn dêrmei oars as riedslid Jouke Douwe de Vries him foarsteld hie. Hy hie hope op mear stipe fan oare politike partijen, mar dat pakte oars út.
De Vries krige it ferwyt dat hy 'suggestyf' wêze soe yn syn fragen en tefolle op de frou spile. De Vries is dêr net fan ûnder de yndruk. Hy is benaud dat de WMO-problemen de gemeente Dongeradiel ekstra jild kostje sille. En ek nei it wiidweidich antwurd fan De Graaf bliuwt hy fan betinken dat de wethâlder 'op ûnderdielen' net goed op de hichte is fan de matearje.