De 35e edysje fan de Schuttevaerrace is los

30 jun 2017 - 06:26

Twa dagen lang sile, drave en fytse: de Schuttevaerrace set freedtemoarn wer útein. It is de 35e edysje fan dizze útputtingsslach foar de dielnimmers. De sportivelingen sammelje har freedtemoarn om sân oere op in nije startlokaasje yn Starum: de Marina Buitenhaven. Earder waard starten yn de Oude Haven. De race giet fierder ek lâns Teksel, Flylân en Skylge.

De folsleine Schuttevaerrace is dit jier wer live te folgjen fia de webside fan it evenemint. Elk team hat in folchsysteem by him ûnder it silen, draven en fytsen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)