Oanbesteging fan fersterking Ofslútdyk: trije gadingmakkers

29 jun 2017 - 22:22

Der binne trije gadingmakkers yn de race foar de fersterking fan de Ofslútdyk. Dat waard tongersdeitejûn bekend by in ynformaasjebyienkomst yn Koarnwertersân foar riedsleden en steateleden. De fersterking fan de Ofslútdyk is ein 2016 Europeesk oanbestege foar in bedrach fan in lytse 900 miljoen euro. Yn it projekt sit ûnder oare de fersterking fan de dyk, nije spuislûzen mei mear kapasiteit en in fytspaad oan de Waadsee. It giet om it grutste ynfrastruktuerele projekt yn Nederlân fan de kommende jierren.

Ien fan de projekten dy't yn de oanbesteging stiet, is de bredere slûs by Koarnwertersân. De provinsje Fryslân hat de finansiering fan dy bredere slûs by Koarnwertersân lykwols noch net rûn. De provinsje wol graach dat dy brede slûs meinommen wurdt by de fernijing fan de Ofslútdyk, mar moat dan wol foar 1 oktober in slutende begrutting foar dit projekt presintearje. Deputearre Klaas Kielstra kin dat op dit stuit noch net, mar hy bliuwt optimistysk. Hy tinkt dat de begrutting op tiid klearkomt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)