Teäterfoarstelling BAUCK! folslein útferkocht

29 jun 2017 - 21:46

De teäterfoarstelling BAUCK! is folslein útferkocht. Alle acht foarstellingen sitte fol, ynklusyf in ekstra ynlaske jûn. Bauck! spilet him ôf oan de ein fan de midsiuwen en giet oer de Fryske frijheidsstriidster Bauck van Popma Se hold in oanfal op it slot Hemmema yn Berltsum tsjin, dêr't se mei har man Doecke van Hemmema wenne.

It teäterstik giet freedtejûn yn premjêre yn it Hemmemapark yn Berltsum.

(Advertinsje)
(Advertinsje)