Stroomstjitwapens: plysje docht mei oan lanlike proef

De plysje-ienheid Noard-Nederlân set útein mei in lanlike proef mei stroomstjitwapens. In spesjale ûndersteuningsgroep fan 44 plysjes wurdt oplaat om mei de wapens om te gean en sil dêrnei ynset wurde by komplekse oanhâldingen. Der is neffens de plysje ferlet fan it brûken fan stroomstjitwapens om de feiligens te bewarjen.
De proef duorret foarearst oant febrewaris takom jier. Noard-Nederlân is de fjirde ienheid yn Nederlân dy't meidocht oan de proef. Sûnt febrewaris brûke de teams yn Zwolle, Amersfoort en Rotterdam al stroomstjitwapens.