Lekkum wol ûndernimmers yn de omkriten mobilisearje

30 jun 2017 - 09:15

Lekkum Leeft wol mei in spesjale ynfomerk it bedriuws- en ferieningslibben yn de doarpen Lekkum, Miedum en Snakkerbuorren in ympuls jaan. Se roppe ûndernimmers op har te melden en har te presintearjen op in spesjale ynformaasjemerk. It ferieningslibben yn de doarpen hat bot te krijen mei ôfname fan it tal bestjoersleden. Mei it yn kontakt bringen fan sawol bedriuwen as ferieningen mei de ynwenners fan de Ljouwerter wyk Blitsaerd en de trije doarpen hoopje de organisatoaren dêr wat tsjin te dwaan.

It evenemint fynt plak op sneon 30 septimber en krijt finansjele stipe fan sawol it doarpsbelang as it ûndernimmersfûns en it doarpshûs. Om de begrutting folslein rûn te krijen, hoopje se noch op stipe fan it Iepen Mienskipsfûns. De organisaasje wit dat der ferspraat oer de omjouwing mear as tachtich ûndernimmers binne. Dy kinne allegearre in plakje krije op de ynfomerk. De wyk Blitsaerd soe hiel posityf oansjen tsjin de plannen fan it doarp. In soad bern út de wenwyk gean yn Lekkum nei skoalle en fine oansluting mei de mienskip yn de trije doarpen.

Yn de kunde komme mei bedriuwen

"Ondernemers kunnen niet alleen met elkaar in contact komen op de infomarkt, inwoners uit de dorpen en Blitsaerd kunnen op deze manier gemakkelijk wijs worden over de bedrijven en verenigingen in onze dorpen," sa seit ien fan de inisjatyfnimmers, Frans Romkes. In soad ûndernimmers hawwe al tasein graach gebrûk meitsje te wollen fan it oanbod. Schoonheidsspesjaliste Gea Joosten bygelyks. "Ik denk dat het een enorme kans is om je bedrijf in het dorp zichtbaar te maken. Veel mensen in het dorp weten soms niet dat je een onderneming hebt of wat je precies doet."

Bedriuwen kinne fergees in berop dwaan op in kream op de ynfomerk en wurde allinnich frege om in frijwillige bydrage. Ynwenners út de doarpen kinne in soad ferdivedaasje ferwachtsje op de ynfomerk, sa lit Romkes witte. "Dan moet je denken aan voorzieningen voor de kinderen, een hapje en een drankje en natuurlijk een feestelijke opening." Undernimmers kinne har melde fia Facebook.

(Advertinsje)
(Advertinsje)