Tsientûzen tegels fan Tichelaar brûkt yn museum Londen
Tegelfabryk keninklike Tichelaar út Makkum belibbe tongersdei in hichtepunt by de iepening fan it prestisjeuze Victoria en Albert Museum yn Londen. Sy makken 10.000 tegels, dy't brûkt binne foar op de flier fan de hal en op it dak.
De porsleinen tegels binne yn hûndert ferskillende útfierings, maten en farianten makke. It is it earste binnenplak dat yn Ingelân betegele is mei tegels yn porslein.