Tritich moanne sel foar seksueel misbrûk pleechsoan

© Omrop Fryslân, Joris Kalma
Tsjin in 62-jierrige ynwenner út De Fryske Marren is tritich moanne sel easke foar it seksueel misbrûken fan syn minderjierrige pleechsoan. De man soe ein jierren '80 en begjin jierren '90 syn pleechsoan jierrenlang misbrûkt ha. Neffens de fertochte hat er de jonge net mei opsetsin seksueel misbrûkt, de jonge soe om ynformaasje oer seks frege hawwe.
Uteinlik hat de jonge syn pleechheit yn 2015 oanjûn by de plysje. De rjochter docht oer twa wiken útspraak.