Ynspeksje: Arriva tekoartsketten by beoardieling masinisten

29 jun 2017 - 18:02
Foto: Omrop Fryslân

Ferfierder Arriva is tekoartsketten yn it beoardieljen fan de kundigens fan de masinisten dy´t it bedriuw ynhierd hat. Dat is de konklúzje fan in ûndersyk dat útfierd waard troch de Ynspeksje Leefomjouwing en Transport. Oanlieding foar dat ûndersyk wie yn ynsidint ferline jier by it Grinzer Uithuizermeeden. In masinist fan Arriva ried dêr troch in read ljocht en kaam ta stilstân op in iepene spoarweioergong.

De ferfierder hie nei it ynsidint al maatregels naam. Sa krigen de resint ynhierde masinisten begelieding op de ritten. It fakbûn foar ridend personiel stjoerde nei it ynsidint al in brânbrief oan Arriva.

Neffens Arriva hat it ferfiersbedriuw altyd foldien oan de wetlike easken.

(Advertinsje)
(Advertinsje)