Ald-boargemaster Bert Swart ferstoarn

29 jun 2017 - 17:53
Foto: ANP

Bert Swart, de âld-boargemaster fan Skiermûntseach, is ferstoarn. Hy wie ûngenêslik siik en is 61 jier wurden. Dat meldt RTV Noord. Swart waard ein april opnommen yn it sikehûs nei't er net goed wurden wie.

Letter waard bekend dat er in harsentumor hie. Swart wie fan 2004 oant 2011 boargemaster fan Skiermûntseach.

(Advertinsje)
(Advertinsje)