Drachten drûget op nei ekstreme wetteroerlêst

Swiere buien soargen woansdeitemiddei foar in soad wetteroerlêst op guon plakken yn Fryslân. Der stie betiden mear as tritich oant fjirtich sintimeter wetter. Yn Drachten rûnen it gemeentehús, skouboarch de Lawei, it museum Drachten en swimbad de Welle ûnder.
By it museum binne se bliid dat de skea beheind bleaun is ta it depot, de rinnende tentoanstelling hat gjin skea oprûn. Mar hoe grut de skea is, dêrfan hawwe se by it museum noch gjin idee.
Ek skouboarch de Lawei hat it net drûch hâlden; dêr kaam it rioalwetter de húskes út.
Yn swimbad de Welle ha se manmachtich dwaande west om it binnenkommende wetter op te romjen. Mar it bad koe dochs net earder iepen as fannemiddei.
De gemeente Smallingerlân is al lang dwaande om it probleem op te lossen. Se ynvestearje miljoenen yn in bettere ôffier fan it himelwetter, mar, sa seit de wurdfierder, "sokke ekstreme buien as juster binne eins net te ferwurkjen".