Van der Zwan ûntwerpt nije foarm fan lokale demokrasy

29 jun 2017 - 16:39

Boargemaster Tjeerd van der Zwan fan de gemeente Hearrenfean docht mei oan in ûntwerpwedstriid foar in nije foarm fan lokale demokrasy. It is in wedstriid fan de Democratic Challenge fan de VNG, de Vereniging Nederlandse Gemeenten. De útdaging mei de namme 'Code Oranje' is in maatskiplike beweging foar in nije demokrasy. Lokale polityk ropt om fernijing, sa is de stelling.

Van der Zwan hat syn ideale wize fan demokrasy op in foto fêstlein. Hy wol mei syn gemeenteried en ynwenners fan de gemeente sjen nei oare manieren om de ferantwurdelikheden fan gemeente en mienskip foarm te jaan. Hy wol dan nije demokratyske wurkfoarmen sykje en útfiere.

Maak het! is de titel fan de ynstjoering fan Van der Zwan. Ynset is dat der mear romte jûn wurdt oan wat der libbet yn de mienskip en dat der better ynspile wurdt op maatskiplike inisjativen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)