Oerienstimming oer legere hierpriis foar SC Hearrenfean

29 jun 2017 - 16:21

Sportklup Hearrenfean betellet yn de takomst in legere hierpriis foar it brûken fan it stadion en oare romten yn Sportstêd Hearrenfean. Dit is de útkomst fan in oerienstimming tusken de fuotbalklup, Sportstêd Hearrenfean en de gemeente Hearrenfean oer de herstrukturearring fan Sportstêd.

De Friesland Zorgverzekeraar wie ek by de petearen oanwêzich en hat him weromlutsen as oandielhâlder fan Sportstêd Hearrenfean. Sy fine dat harren doelen berikt binne.

(advertinsje)
(advertinsje)