Aksjekomitee Tsjin Gas giet takom wike nei Den Haach

It aksjekomitee Tsjin Gas giet tiisdei mei tûzen hantekeningen nei Den Haach om te protestearjen tsjin proefboarringen yn Nij Beets fan gasbedriuw Vermillion. It komitee makket him soargen oer de neidielige effekten fan gaswinning op natuer en miljeu. De proefboarringen moatte plak fine op in stik lân yn natuergebiet De Ripen. It is krekt foar in part opnij ynrjochte as kompensaasje foar it iepenjen fan it Polderhoofdkanaal.
Gemeenteried en provinsje: tsjin
De gemeenteried fan Opsterlân is tsjin boarringen yn it gebiet en ek de provinsje sjocht it net sitten. Sy kinne it Vermillion tige swier meitsje, mar it ministearje fan Ekonomyske Saken beslist. It aksjekomitee is der net gerêst op dat de boarringen der net komme.
De boer fan it lân dêr´t de boarring plak fine sil, fynt dat Vermillion de romte krije moat. Neffens him binne der folle mear minsken yn Nij Beets dy't dat fine. Sa lang't der noch net genôch alternativen binne, bliuwt gas nedich seit hy.