NHL hat de bêste online-reputaasje fan it lân

29 jun 2017 - 15:50
NHL yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

De Noardlike Hegeskoalle Ljouwert hie it ôfrûne de bêste online-reputaasje fan alle ynstellings foar it HBO en wittenskiplik ûnderwiis. It bedriuw Marketingfacts hat oan de hân fan Twitter- en Facebookgegevens fan 103 hegeskoallen en universiteiten in ranglist makke. Behalve de bêste online reputaasje is de NHL ek de nûmer 1 as it giet om de meast posityf besprutsen ûnderwiisynstelling.

Ferline jier skoarde de NHL ek al goed, mar it ôfrûne jier binne se noch mear groeid, nei in persintaazje fan 30%. Dat betsjut dat 30% fan alle berjochten oer de NHL posityf wie. Foar de boardieling moatte ynstellings minimaal 5000 berjochten makke hawwe yn in jier tiid.

Trefwurden: 
NHL online reputaasje
(Advertinsje)
(Advertinsje)