Kommandant Denny Traas nimt ôfskied fan fleanbasis

29 jun 2017 - 15:44

De fleanbasis Ljouwert moat op syk nei in nije kommandant. De sittende man, Denny Traas, nimt kommend wykein ôfskied. Hy is frege om de lieding oer te nimmen op de Definsje Materieel Organisaasje. Traas hat mar koart op Ljouwert sitten. Hy kaam yn augustus 2015 en krige doe de taak de basis klear te meitsjen foar de komst fan de nije F-35 en ek de ûnbemande tastellen.

Traas hat him ek bot ynsetten foar it opknappen fan de F-16's. Troch alle misjes yn ûnder oare it Midden Easten wie der in soad achterstallich ûnderhâld. De training fan de piloaten hat ek prioriteit krigen. Sa is der de ôfrûne tiid mear traind op loftgefjochtsmisjes. Dat hat te krijen mei de tanommen driging fan lannen as Ruslân. Wa't Traas opfolgje sil is noch net bekend.

(Advertinsje)
(Advertinsje)