Noardlike provinsjes organisearje yn novimber klimaattop

29 jun 2017 - 15:44
In climate march earder dit jier - Foto: ANP

Fryslân, Drinte en Grinslân organisearje yn novimber in noardlike klimaattop. Dit is in ferfolch op de nasjonale klimaattop dy't ferline jier hâlden is. By it evenemint kinne alle partijen dy't harren dwaande hâlde mei de fermindering fan de CO2-útstjit en it klimaat, harren sjen litte. It doel is om in bydrage te leverjen oan de klimaatôfspraken fan Parys om yn 2050 klimaatneutraal te wêzen. Der moatte konkrete ôfspraken makke wurde tusken bedriuwen, oerheden en oare organisaasjes.

Undertekenje

Dizze ôfspraken wurde op de top fuortendaliks ûndertekene en nei in heal jier folget in weromkeppeling nei de projektteams fan de trije provinsjes. Op de noardlike klimaattop wurde ek ynnovaasjes toand. Tema's binne: duorsum produsearje, enerzjybesparring yn de yndustry, slim besparje yn de boude omjouwing, balansearje en relevante tema's, lykas lânbou en ferkear en ferfier.

Bedriuwen kinne sa omtinken krije foar de ynnovaasjes en tagelyk ynspiraasje opdwaan foar de útdagings fan de takomst.

Trefwurden: 
klimaat klimaattop CO2 Fryslân
(Advertinsje)
(Advertinsje)