'The show is over' foar 'Ben & Ruurd'

29 jun 2017 - 15:35
Foto: Omrop Fryslân

‘The show is over’ foar it muzikale duo ‘Ben & Ruurd’. Mei pine yn it hert litte se op Facebook witte dat se per 1 jannewaris definityf de mikrofoan yn de kast lizze. De redenen binne fan persoanlik aard, mar wat dat krekt is, meitsje se net bekend. Mar fansels hâlde se net op sûnder in goed ôfskied. Snein 27 augustus is der in lêste konsert yn Den Oever, tegearre mei de liveband.

Trefwurden: 
Ben & Ruurd
(Advertinsje)
(Advertinsje)