Tennisser Sander Arends net nei haadtoernoai fan Wimbledon

29 jun 2017 - 15:28
Sander Arends - Foto: Omrop Fryslân

Tennisser Sander Arends fan Ljouwert stiet net yn it haadtoernoai fan Wimbledon. Mei syn dûbelpartner Hsien-Yin Peng ferlear er tongersdeitemiddei de lêste kwalifikaasjewedstriid om troch te gean nei it haadtoernooi. It waard 7-6 en 6-4 foar de Sweedske tsjinstanners fan Arends en Peng .De earste set wie spannend en moast beslist wurde yn in tie-break. Arends en Peng rêden noch in oantal setpunten, mar by 10-9 yn it foardiel fan de Sweden gie it mis en ferlearen Arends en Peng de set.

De Ljouwerter hie de earste Fries ea op it haadtoernooi fan Wimbledon wurde kinnen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)