Trije minsken oanhâlden foar wytwaskjen en himphannel

29 jun 2017 - 15:18
Himp - Foto: Omrop Fryslân

Twa mânlju fan 28 en 27 jier út Drachten en in frou fan 31 út Appelskea binne oanhâlden omdat se fertocht wurde fan wytwaskjen, it fasilitearjen fan himptylt en yllegale hannel yn himp. Yn twa wenningen en in bedriuwspân hat de plysje 80.000 euro yn beslach naam en der is beslach lein op ferskate bankrekkens.

Troch in eardere oanhâlding fan in 28-jierrige man út Drachten dy't ek haadfertochte is, hat de plysje it ûndersyk opstarten. De man waard ein 2016 by in ferkearskontrôle steande hâlden. Doe waard ien kilo himp en 1800 euro oantroffen. De Drachtster wurdt fertocht fan it ferkeapjen fan himp en it mooglik meitsjen fan yllegale himptylt.
Op de wenningen fan de fertochten is beslach lein.


De plysje docht fierder ûndersyk. De fertochten binne wol frij mar bliuwe fertocht en binne yn ôfwachting fan eventuele ferfolging troch it Iepenbier Ministearje.

Trefwurden: 
himphannel Appelskea
(Advertinsje)
(Advertinsje)