Kollumer autocross giet sneon net troch

De autocross yn Kollum giet kommende sneon net troch. Der leit fierstente folle wetter op de baan. Dat komt troch de wolkbrek fan woansdeitemiddei. Ek foar de kommende dagen wurdt noch reinwetter ferwachte. De organisaasje is benaud dat it dan ien grutte glydpartij wurde sil. Boppedat sil de baan folslein kapot riden wurde.
It beslút nimme wie wol dreech, benammen om't it om in NK giet. Der is noch gjin nije datum bekend. Nac-autocross lit witte dat de wedstriid fan snein yn Blauhûs wol troch giet.