Erwin Mulder tekenet kontrakt by Swansea City

29 jun 2017 - 14:52
Keeper Erwin Mulder - Foto: AWfoto.nl

Keeper Erwin Mulder ferfolget syn karriêre nei twa seizoenen SC Hearrenfean yn de Ingelske Premier League. Mulder tekenet in kontrakt foar trije jier by Swansea City út Wales, dat him transferfrij oernimt. Mulder kaam yn de twa seizoenen ta 67 kompetysjeduels foar Sportklup Hearrenfean.

Dêrfoar keepte er foar Feyenoord. Swansea City waard it ôfrûne seizoen fyftjinde yn de Premier League. By Sportklup Hearrenfean wurdt syn plak ynnommen troch Warner Hahn, dy't fan Feyenoord oerkomt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)