Wurkstraf easke tsjin Grouster (23) foar besit berneporno

29 jun 2017 - 14:00
Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Tsjin in 23-jierrige ynwenner fan Grou is tongersdei in wurkstraf fan 200 oeren en seis moannen jeugddetinsje ûnder betingst easke. De Grouster hie in soad berneporno op syn kompjûter, yn totaal 70.000 ôfbyldingen en 697 films. De man hat autisme en in lege ûntwikkelleeftyd, mei it each dêrop hat de offisier fan justysje it jeugdstrafrjocht tapast.

Neffens de Grouster wie de berneporno foar him in manier om yn kontakt te kommen mei oare minsken. Troch syn autisme fynt er it dreech om op normale wize kontakten te lizzen mei oaren. Fia útwikselingsprogramma's op ynternet downloade er de filmkes en foto's. Oant de plysje derachter kaam en him healwei 2015 oanhold. Nei syn oanhâlding hat er daliks help socht. Hy is yn behanneling by in psycholooch en sit yn in projekt foar begelaat wenjen yn Ljouwert.

De Ljouwerter rjochtbank docht op 13 july útspraak.

Trefwurden: 
berneporno wurkstraf eask Grou
(Advertinsje)
(Advertinsje)