Plysje fynt gasdrukwapen by 'net goed wurden' Ljouwerter

29 jun 2017 - 13:19
Foto: ANP XTRA

De plysje fan Ljouwert hat woansdeitemiddei by in oanhâlding yn de Egelantierstrjitte in gasdrukwapen fûn. De plysje kaam dêr nei in melding dat er in man net goed wurden wie. It gie om in 25-jierrige man, dy't ûnder ynfloed wie. By it ûndersyk nei syn identiteit fûn de plysje it gasdrukwapen. De Ljouwerter is oanhâlden en moat him yn septimber foar de rjochter ferantwurdzje foar it yn besit hawwen fan it wapen.

Trefwurden: 
wapen plysje oanhâlding
(Advertinsje)
(Advertinsje)