Texacotankstasjon by Breesândyk ôfsletten fanwege gaslek

29 jun 2017 - 12:54
It tankstasjon is troch de plysje ôfsetten - Foto: CAMJO media

It Texaco-tankstasjon by Breesândyk op de Ofslútdyk hat tongersdeitemoarn ôfsletten west fanwege in melding fan in gaslek. De brânwachtkorpsen fan Wytmarsum en Harns waarden oproppen om mjittings te dwaan. De lekkaazje siet yn in ôfsluter, in monteur is kommen om it euvel te ferhelpen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)