Nije dûmny Lippenhuzen krijt salaris út diakonaal jild

29 jun 2017 - 12:26

De protestantse tsjerkegemeenten Lippenhuzen-De Himrik en Langsweagen-Lukswâld-Jonkerslân hawwe in unike konstruksje betocht om it salaris fan de nije dûmny te beteljen. Dit sil foar in part dien wurde mei diakonaal jild, bedoeld foar de maatskiplike soarch fanút tsjerke.

De nije dûmny, Sietske Blok, sil har nammentlik fan 9 july ôf foar in grut part dwaande hâlde mei diakonaal wurk. Dat betsjut dat se bygelyks iensume âlderen helpt of minsken stipet dy't problemen hawwe troch skulden. It is de bedoeling dat ek minsken bûten tsjerke help krije.

Trefwurden: 
salaris dûmny tsjerke diakony
(Advertinsje)
(Advertinsje)