Fytsers ferwûne by ûngelokken yn Ljouwert

29 jun 2017 - 11:56
Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Yn Ljouwert binne woansdei ferskate fytsers ferwûne rekke. Troch de swiere rein woansdeitemiddei foel in 29-jierrige ynwenster fan Ljouwert op it Hoeksterpaad mei har fyts. In oare fytster út de stêd kaam hjirtroch ek te fallen en rekke ferwûne oan har holle. Dizze 69-jierrige frou is mei de ambulânse oerbrocht nei it sikehûs MCL.

Op de Harlingersingel botsten twa fytsers tsjininoar. In 59-jierrige Ljouwerter woe links ôfslaan, mar waard op dat momint ynhelle troch in 15-jierige stedsgenoat. De man en de jonge kamen beiden te fallen. De man rekke ferwûne oan 'e holle en is oerbrocht nei it MCL.

Trefwurden: 
fyts ûngelok Ljouwert
(Advertinsje)
(Advertinsje)