Bou fan gemaal Vijfhuizen by Marrum is begongen

It projekt Vijfhuizen is tongersdei begongen. It giet om de bou fan in nij gemaal yn de seedyk tusken Hallum en Marrum. Der sit in oergong fan sâlt nei swiet wetter yn foar de grutste kwelder fan noardwest Europa.
Mei it projekt moat de wetterfeiligens better garandearre wurde, mar ek lânbou, natoerûntwikkeling en fiskmigraasje krije der in opkikker fan. Der wurde ek nije paden oanlein dêr't minsken yn de omjouwing en toeristen fan profitearje sille. Kosten fan it projekt binne 16 miljoen euro.