Brân yn flatwenning yn Drachten

29 jun 2017 - 10:13

Yn in flatwenning oan it Skuttersfjild yn Drachten is tongersdeitemoarn brân útbrutsen. Yn earste ynstânsje waard der grut opskaald en rukten meardere plysjes, brânwacht en ambulânses út. By de brân kaam in soad reek frij. Ut foarsoarch waard it flatgebou ûntromme. De brânwacht hie it fjoer gau ûnder kontrôle en de skea bleau beheind. Der rekke net ien ferwûne. De oarsaak fan de brân is noch net bekend.

Trefwurden: 
brân flat Drachten
(advertinsje)
(advertinsje)