Personiel Rabobank Wolvegea rûkt gaslucht en moat nei bûten

© De Vries Media
De meiwurkers fan de Rabobank yn Wolvegea moasten tongersdeitemoarn nei bûten fanwege in gaslucht yn it gebou. De brânwacht waard ynskeakele en ek dy rûkte gas, mar mei mjitapparatuer waard der neat oantroffen. In meiwurker fan de gemeente kaam dêrnei mei sterkere mjitapparatuer en doe die bliken dat der wol gas lekte. De haadkraan waard tichtdraaid en nei goed in oere koe it bankpersoniel wer nei binnen. Wêr't it gaslek krekt sit, is noch net dúdlik. Der is in reparateur ynskeakele.