Kollum: "De ChristenUnie"

"Je soene it hast ferjitte, mar yn Den Haag binne se noch altyd dwaande om in kabinet te foarmjen. Ut de brij dy’t de Twadde Keamer no is, probearje se in koälysje mei in mearderheid te krijen. En dat bart no mei VVD, CDA, D66 en… de ChristenUnie.
De ChristenUnie. Dat lytse partijtsje - fiif setels - dat komfortabel op de konfesjonele bank sit tusken it algemienere CDA en de radikalere SGP. Se klinke altyd sa reedlik, en wannear’t je net tefolle fragen stelle by it feit dat se harren hiele bestean ophingje oan de graasje fan in kosmysk opperwêzen, dan is der net folle op tsjin. Sa bedarret de ChristenUnie ek altyd heech yn resultaten fan stemwizers. Dus: fraksjelieder Gert-Jan Segers is no dé man foar Mark Rutte.
Sa kaam it dat der ferline wike in ynterview mei Gert-Jan Segers yn De Volkskrant stie. It ferhaal fan in man dy't yn reedlikheid op syk is nei oerienkomsten tusken syn peteargenoaten oan de ûnderhannelingstafel.
In aardige man, sa fertelt De Volkskrant. Wannear’t je Segers moetsje, hat hy it foarige petear noch goed yn 'e holle. Hy freget dan hoe’t it mei de sike partner of mem is, ek al is it saaklik. De man hat suver gjin fijannen op it Binnenhof.
Mar de man hat ek rotsfêste prinsipen. Sa skriuwt De Volkskrant: ‘De christelijke waarde ‘behandel de ander zoals je zelf behandeld wilt worden’ is diep verankerd en leidend voor zijn handelen.’
Behalve dan homo’s, fansels. Dy mei Gert-Jan Segers wol oars behannelje as hysels behannele wurde wol. Homo’s meie fan Gert-Jan bêst aktyf lid wêze fan de ChristenUnie, salang as se mar troud binne of gearwenje.
Transgenders behannelet Gert-Jan Segers ek oars as himsels. Noch gjin fjouwer jier lyn stimde de ChristenUnie tsjin de transgenderwet, mei CDA, PVV en SGP. De wet kaam der al trouwens, en regelet dat transgenders ienfâldich de registraasje fan harren geslacht feroarje kinne yn harren paspoart en op oare dokuminten. Guon transgenders waarden bygelyks de trein útsetten, om’t kondukteurs net leauden dat se deselde persoan binne as op harren ferfierbewiis stiet. Net Gert-Jan syn probleem.
Ferplichte LHBT-foarljochting op skoallen, is de ChristenUnie ek op tsjin, mei CDA en SGP. It is der al kommen, om der wat oan te dwaan dat LHBT-jongeren it swier ha op skoalle. En dat se fiif kear sa faak in poging ta selsmoard dogge as hetero-leeftydsgenoaten. Dy meie it útsykje fan Gert-Jan Segers.
Kinst it fenomeen ‘weigerambtenaar’ noch? Yn 2013 kaam dêr in ein oan: trouamtners mochten net langer wegerje houliken tusken minsken fan itselde geslacht te sluten. In grutte keamermearderheid stimde foar. Behalve… krekt. CDA, SGP en de ChristenUnie.
Leararen meie net ûntslein wurde om’t se homo binne. Dat kaam yn 2014 troch de Keamer. Tsjin wiene SGP en ChristenUnie.
It leit net allinnich oan Gert-Jan. Ut ûndersyk fan it Sociaal Cultureel Planbureau fan twa jier lyn, bliek dat hast de helte fan de ChristenUniestimmers negatyf tsjinoer homoseksualiteit stiet. Is dat de oar gelyk behannelje?
Hoe kin yn ‘e krante stean dat oaren behannelje lykas jesels behannele wurde wolle in kristlike wearde is? It is yn elk gefal gjin útslutend kristlike wearde, want ik ha in hiel soad ateïstische freonen dy’t der krekt sa oer tinke. En wannear’t it al in kristlike wearde is, dan lûke de Nederlânske kristlike partijen harren der neat fan oan. Tinke dat it al sa is, is arrogant, ûnrjochtlik en draacht by oan in falsk superioriteitsgefoel fan kristenen.
Gert-Jan Segers soe der goed oan dwaan om in oare saneamde kristlike wearde ta herte te nimmen: eigenje josels gjin saken ta dy’t net fan jo binne. Fan my hoecht deze formaasje net te slagjen."