Min waar by wedstriden FK Jeu de Pelote yn Easterlittens

28 jun 2017 - 22:24
Easterlittens-Wommels - Foto: Jaap Bonhof

Op it iepen Frysk kampioenskip Jeu de Pelote op It Plein fan Easterlittens binne woansdeitejûn ûnder minne waarsomstannichheden trije partijen spile. Easterein wûn mei 8-2 fan Makkum. Winsum wie te sterk foar Bitgum mei 8-2 en Easterlittens wûn mei 8-3 fan Wommels.

Tongersdei stean de heale finales op it programma. Om 19.00 oere spilet Ljouwert tsjin Easterein. Om 20.15 oere spilet Winsum tsjin Easterlittens.

(Advertinsje)
(Advertinsje)