Fakbûn CNV stelt Drachtster bedriuw ultimatum

28 jun 2017 - 22:16
Foto: Google Streetview

Fakbûn CNV stelt elektroanysk en maritym bedriuw Alewijnse Noord yn Drachten in ultimatum. It fakbûn wol dat de direksje fan it bedriuw iepen en earlik oerleit oer in reorganisaasje en in sosjaal plan. As dat net bart, leit it personiel it wurk del. Neffens CNV besiket Alewijnse in reorganisaasje troch te fieren sûnder te oerlizzen mei de fakbûnen. Personiel en fakbûnen soene dêrby mei opsetsin mûledea makke wurde. It ultimaturm ferrint nei alle gedachten op freed.

Alewijnse Noord wol njoggentjin wurknimmers ûntslaan om in better ekonomysk perspektyf te behâlden. De maritime sektor soe swier ûnder druk stean.

(Advertinsje)
(Advertinsje)